Wolkom!

Yn 1972 ha in stik as wat toaniel leafhawwers de koppen by elkoar stutsen mei it doel in toanielstik op ‘e planken te bringen. En dat slagge.
Tsjintwurdich wurdt d’r noch altyd toanielspile en alle kearen is elkenien wer entûsjast.
D’r wurdt in protte wille oan belibbe en d’r ûntsteane libbenslange freonskippen.
Yn 1987 is de ploech in stifting wurden ûnder de namme:
Stifting Toanielselsip St. Nyk.
Ek bûten de provinsje wie en is it St.Nykster Toaniel bekend by de Fryske Kriten om útens.
Troch de jierren hinne binne dekôr, lûd en ljocht folle profesjoneler wurden.
Ek is der in grut oantal jeugdleden dat meispilet of graach meispylje wol.
Wêr fine jo dat hjoed de dei?
Koart sein: De St. Nykster Toanielploech brûst noch altyd fan entûsjasme en strielt dat ek út.