U gebruikt een verouderde browser. Wij raden u aan een upgrade van uw browser uit te voeren naar de meest recente versie.

 

 Yn ús doarp St. Nyk hat it toanielspyljen altiten in grut plak ynnommen. De minsken yn St.Nyk mochten graach in goed stik sjen, mar noch moaier wie't om mei te dwaan.
In pear fan dy ferienings wienen: It wurkljuferbûn, de jongereinferienings en de Fryske krite.

It wie in St.Nyk de gewoante om op twadde Krystdei in toanielmiddei en jûn te hâlden foar de parochy.
It "werkliedenverbond"(allinnich mannen) spile altyd yn de lêste wike foar de fêste.

Yn 1968 wie der wer samar in ploechje, de regy wie in hannen fan master P. de Jong, dy 't it stik "Frou en Faem"spile foar de soos. Se krigen der allegear sa'n nocht oan, dat nei ferrin fan tiid inkele spilers offisjeel de St.Nykster toanielploech oprjochte hawwe.

De foarsitter fan de club wie master P. de Jong en as ponghâlder en ek sikretaris fungearre doe Jaap Bos.
Yn 1972 gongen se fan start mei it stik "Saeklik besjoen"mei as regisseur Hiel Kamsma.